It bart net faak dat der in Eastermarder is dy't echt wat bysûnders by d'ein hat en in stikje fertsjinnet yn ús rubryk 'De minsken fan'.
Mar dit omtinken is no folsein terjochte. Want jo sille mar frege wurde om yn in grôtfol Carrré op it poadium te ferskinen mei allegear bobo's, BN'ers en ferneamde akteurs yn de seal. Om mar wat te neamen: Leonardo di Caprio sit op 'e earste rige. En dan is it de bedoeling dat jo ek nochris in ferhaal ôfstekke.

Dit kaam Nynke de Jong fan de Grienewei oer. Sy waard útnûge troch de organisaasje fan de Postcodeloterij om in priis oan in goed doel út te rikken by it Goed Geld Gala op tongersdei 15 febrewaris. Dit gala is in jierliks barren. In lange rige goeie doelen kriget te hearren hoefolle jild't sy ferwachtsje kinne út de opbringst fan de Postcodeloterij. En it is in tradysje dat foar dizze útrikking in stik as wat loterijwinners frege wurde. Nynke har namme is op de ien of oare wize hingjen bleaun nei de bizarre wike fan de Postcode Kanjer en hja krige dus dizze eare.

Op 1.13 oere fan de jûn (sjoch filmke hjirûnder) springt it toanieljocht yn Carré oan foar Nynke de Jong fan Eastermar.
Foar it each sûnder senuwen rint sy nei it kateder en begroetet de seal mei: "Goeiejûn allegearre."
In ambassadrise fan It Fryske Eastermar yn it Amsterdamse Carré. Wa hie dat Ea tocht.

nynke de Jong op it Goed Geld Gala

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe