Meikoarten is it gebeurd mei it klompke en de omheech stutsen hân. Brêgewipper Douwe Bouius giet mei pensjoen en de brêgedraaiers fan Skûlenboarch nimme syn taak fia kamera's oer.

Justerjûn hat Bouius wiidweidich yn 'Brekking' op Omrop Fryslân Televyzje west. Yn de dokumintêre waard útlein dat meiertiid alle brêgewippers op lokaasje ferdwine sille. Douwe Bouius fynt is spitich foar it doarp dat de 'âlderwetske' brêgewipper ferdwynt. "Ik wachtsje altyd even foar in frachtwein of sawathinne, mar dat is aanst foarby. De minsken sille der bot oan wenne moatte."

Foar Bouius en de frou sels is it net slim. Sy meie fan de gemeente yn it brêgehûs wenjen bliuwe. En mei sa'n ynterview op 'e televyzje is it in weardich ôfskied wurden.

Tenei wurdt it foar de boatsjeminsken wuivje nei de kamera ynstee fan in euro yn it klompke stopje. En wachtsje om't de brêgewipper skoftet hoecht dan ek net mear...

Image
Douwe Bouius dizze wike foar it lêst

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe