Op saterdei 23 april wie yn de Hege Stins in Lentekonsert dat fersoarge waard troch Koardinaasje yn ‘e mande mei It Broeks Koar de Vroolijheid út Brummen. Goed 40 leden fan it 60-koppige gastkoar hienen it jierlikse útstapke en troch in freonskipsbân tusken twa bestjoersleden foel de kar op Eastermar. De ‘Kleastermar’ en ‘de Parel’ wienen fan freed oant snein de útfalsbasis foar ferskate útstapkes yn Eastermar en de regio. Plus in mienskiplik optreden op it Heechsân.

De koaren songen as ynlieding twa lieten meielkoar, dêrnei folle Koardinaasje de earste helte, mei as huzarestik de Bohemian Rhapsody fan Queen! Fral ek foar Tinelies, de pianiste, in poepetoer.
Nei it skoft wie de Vroolijkheid oan bar mei in romantyske oade oan de leafde en de IJssel. As ôfsluting waard mienskiplik in kanon songen dy’t einige mei: Always Look On The Bright Side Of Life. En dit lentekonsert hat dêr grif by holpen.

Yn de tredde helte - oan de bar - wie der alle gelegenheid om ôfspraken te meitsjen oer in mooglike tsjinbesite. (Foto: Elle Hoekstra)

Maaitiidkonsert

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe