Alle jierren wurdt der in skriuwwedstriid organisearre om de Fryske literatuer te stimulearjen. De jongferstoarne Rely Jorritsma lei yn syn testamint fêst, dat der alle jierren jild beskikber steld wurdt foar de bêste Fryske gedichten en koarte ferhalen. Foar de jeugd tusken 12 en 18 jier wurdt in aparte priisfraach útskreaun: de Junior Rely.

Yn de kategoary Poëzij hat Tjerk Jan Atsma in Junior Relypriis yn ‘e wacht sleept mei syn gedicht ‘Gatsjepanne’. De sjuery moast 75 ynstjoerings - ferhalen en poëzij – beoardielje.

Op 3 oktober wurde de Juniorprizen, tagelyk mei de ‘grutte’ Rely’s, útrikt yn it doarpshûs fan Weidum.

Tjerk Jan Atsma

Noch mear Eastermarder sukses

De Provinsje en de ferfiersmaatskippijen Arriva en Qbuzz hawwe yn it ramt fan it projekt ‘Bus fol ferhalen’ yn ‘e mande mei Utjouwerij Elikser in boekje gearstald mei ferhalen oer ûnderfinings fan en foar busreizgers.

Ald-BREEDútredaksjeleden Jeike Hoek en Ineke v.d. Heide ha in ferhaal ynstjoerd en beide bydragen binne yn de bondel opnommen!
Op 16 septimber wurdt ‘Wurden foar elkoar’ op it Ljouwerter busstasjon presintearre en dêrnei oan busreizgers útdield troch de deputearren Sietske Poepjes en Johannes Kramer, direkteur Anne Hettinga fan Arriva en Astrid Veldhuizen fan Qbuzz.

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe