Nei ca. 1250 km en 20.000 hichtemeters binne nei 8 dagen ús jonges Edou, Eit en Minne mei har ploech Asap for life yn Valkenburg oer de finish kaam. In superprestaasje!

DSCN3500

f.l.n.r. Edou Ritsma, Eit Jonkman, Jan Friso Speerstra (Burgum) en Minne Okkema

It wie ôfsjen. Etappes fan 160, 190 en 220 km en dat eltse dei. Lêst fan knibbels, rêch, nekke en kont. Mar de 'Artsen zonder grenzen' dêr't dizze tocht foar riden waard, jouwe ek gjin belies. Belies jaan wie foar ús jonges ek gjin opsje.
Om in yndruk te krijen fan wat ús jonges meimakke ha, sjoch op de side fan 'Tour for life' foar filmkes en de rûte dy't se ôflein ha. Foar de foto's fan hjoed klik hjir.

 DSCN3473

Sels yn Valkenburg is der in dyk mei Eastermarders. Prachtich waar en pikefel.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe