ABA 2746

 

Nei alle gedachten ha noch net in soad minsken meimakke dat juffer Zuiderveld gjin wurden hie... Dat bysûndere foarfal die him foar op 13 april, middeis yn ’t Hoekje. Dêr wie in âldereinmiddei organisearre mei, nei bliken die, in hiel bysûndere haadpersoan en hiel bysûndere gasten.
De Aldereinfoarsitter, juffer Zuiderveld, waard nei har iepening fan de middei folslein ferrast doe’t Doarpsbelang har mei in prachtige oarkonde, ûntworpen troch âld-Eastermarder Aiso Betten, mei grutte ynstimming ta earefoarsitter fan it 'Aldereinbarren' beneamde.

En as klapstik wie boargemaster Ter Keurs oanwêzich om har it lidmaatskip yn ‘e oarder fan Oranje-Nassau oan te bieden! Mar ear’t de boargemaster dat dwaan koe, frege juffer Zuiderveld it wurd: as hja gehoar jaan soe oan har djipste fielen, dan soe se, hoe earfol ek, de ûnderskieding wegerje. Hja hat net it gefoel dat hja oars is as oaren. De oanwêzige famylje, âlderen en de genoadigden hâlden de siken yn... Boargemaster Ter Keurs wist juffer derfan te oertsjûgjen dat dit in ûnderskieding is dy’t troch minsken út it doarp út wurdearring foar har krewearjen, yn en foar de doarpsmienskip, oanfrege is. Dat it dus eins mear sjoen wurde moat as in ûnderskieding út namme fan it doarp as fan de keninginne. In prachtich boeket ûnderstreke dêrnei de offisjele hanneling.

Oan it waarme applaus en it entûsjasme fan de oanwêzigen wie hiel dúdlik te fernimmen dat it komitee ‘In lintsje foar juffer’ besteande út Gjetsje Rinkema, Sieuwke Brouwer en Jan Wiersema - en Cees Tjeerdsma as adviseur – him hiel terjochte ynspand hat om Tjitske Zuiderveld op dizze passende wize yn it sintsje te setten.

klik hier voor de fotoreportage gemaakt door Albert Bakker

Klik hier voor het persbericht van de gemeente Tytsjerksteradiel

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe