EASTERMAR – It reinde freed prizen yn ús doarp. Doe waarden nammentlik de priiswinners fan de Sinteklazeaksje fan de OVE yn it sintsje set. De ôrûne wiken koe eltsenien syn kassabontsjes by de winkels yn ús doarp ynleverje. Us wykplysje Taeke Hogendorp hat der trije winners útlutsen.

De earste priis is gien nei de famylje S. Hogendorp. In fartocht foar fjouwer persoanen en dêrnei in diner bij Herberg De Parel.
De twadde priis, in barbecue foar tsien persoanen, kompleet fersoarge troch Acces Catering en Otte Boersma  is gien nei de famylje D. Bouius.
De famylje M. Schotanus wie de winner fan de tredde priis, in teaterbon foar twa persoanen by Meerzigt. Elkenien lokwinske mei de priis!

Op de foto alle priiswinners en it bestjoer fan de OVE.

OVE-Sinterklaasactie-2011
Foto & ferslach: Simon Bosma

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe