Yn jannewaris wurdt alle jierren de Dakar Rally hâlden. Net mear yn Afrika, sa as eartiids, mar yn Súd-Amearika.
De kommende edysje wurdt foar Eastermarder Allard Tadema hiel spannend want hy sil as monteur mei yn it 'Riwald Dakar team'. Yn dit team ride trije Mitsubishi Racing Lancers mei en in Ginaf rallytruck mei in DAF-motor fan mar leafst 750 pk. Allard sit oan board fan ien fan de twa servicetrucks, dy't ek meigean.
Foar him kaam in dream út doe't er belle waard om lid te wurden fan it team. "Wy hawwe al in kear in rally riden yn Marokko en dat gie goed; wy binne mei de truck fyfde wurden. Ek it team, in lytse 30 man, hat in klik mei-inoar. En hiel noflik, der is gjin nee te keap. Wy, de monteurs, twifelen oft wy twa of trije reserveturbo's meinimme soene. Doch mar trije, sei de lieding. Dus sa giet soks.
By de Dakar Rally ride wy oerdei de transfer rjochtstreeks nei it folgjende plak op 'e rûte, mar wannear 't de rallytruck yn de problemen komt, dan moatte wy dêr hinne. Ferrint de dei goed, dan komme de trucks as lêste binnen (as earste komme de motoren binnen, dan de rally-auto's) en dat betsjut jûns en by need nachts 'sleutelje', ôfhinklik fan hoe't de truck him dy dei hâlden hat."

Allard fleant ein desimber nei Argentinië en komt mei in protte Dakarûnderfining fanút Lima werom.

Mear oer de ambysjes fan it Riwald Dakar team

Website Riwald team

riwald-dakar

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe