Leo Serné fan it Wytfean en syn navigator Bert Engelsman lizze op dit stuit op it 21e plakje yn de Beaujolais Trophy. De BT is in rally mei klassike auto's (76 ekyps) en duorret oant 17 novimber. De finish is dy jûns yn Drachten by VW dealer Van der Brug. Juster die Leo it better, doe stie er noch njoggende. Mar der stean noch genôch proeven op it programma, dus moarn kin it allegear wer oars wêze. De oranje BMW dêr 't de ekyp mei rydt, hâldt him prima, allinne de kilometerteller kaam los te sitten en die it net mear. Dit koe troch it serviceteam ferholpen wurde.

Rienk Vlieger en Harmke Paulides fan de Beimastrjitte ride ek mei. Sy foarmje de 'parse-ekyp' en dogge ferslach op www.beaujolaistrophy.nl.

Leo Serné

Update: Yn it einklassemint binne Leo en Bert op in foar it equipe teloarstellende 31e plak útkaam. Hja binne woansdeitejûn om 21.30 oer de finish yn Drachten kaam. Net dat it 31e plak sa min wie, mar yn eardere edysjes fan de BT hawwe sy better prestearre, neffens Leo.

 

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe