×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 78 niet laden
"And the winner is....."
Op eastermar.nl ha wy frege om jimme resultaten fan winterske arbeid sjen te litten as it oankomt op sniepopbouwen. Nea earder hat de redaksje as sjuery optrede moatten. Op 'e  televyzje seit sa'n sjuery altyd: "Het was ontzettend moeilijk..." En dan tinke wy faak mei ús allen: "Ja, ja, dat sil 't wol..." No, dêr binne wy dus achter kaam: perfoarst net ienfâldich om hjir in útspraak oer te dwaan.

Hiel moaie keunstsinnige eksimplaren binne der by. Net te fergelykjen mei de sniepoppen dy’t de jeugd makke hat. Wy wolle in earfolle fermelding jaan oan de sniepoppen fan Emiliano Borgetto, de Argentynske studint dy’t by Floor en Antsje útfanhûzet. En dy fan Albert Kieft fansels. Tige knap.

Mar wy binne fan oardiel dat :

- op it tredde plak einige binne: Teije, Rijanke en Harma mei ien fan de langste poppen dy't wy ea sjoen hawwe.
- op it twadde plak einige binne: Taeke Jan en Ids Jelte Hiemstra
And the winner is ....

 

de sniepop fan:

- Geary Dantuma en Sjoukje van der Wal.

sjoukje

De 1e-priiswinners krije fan de redaksje in attinsje en dêrneist fansels de 'eeuwige roem'.

ABA_1668

ABA_1672-1

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe