Hjoed is't 1 april, de dei fan de fiten en grappen. In protte besikers fan eastermar.nl tochten dat it berjocht oer it weromkommen fan de brêgewipper in 1 aprilgrap wie. Mar wat docht bliken... dizze kear is't gjin ferrifelnijs.

Fan njoggen oere ôf stie brêgewipper Albert Land, ien fan de trije troch de gemeente oanstelde brêgewippers foar dit wettersportseizoen, te wachtsjen op de komst fan it earste skip. "It rint noch gjin stoarm mar wy hawwe der moai waar by, sy kinne noch komme!"

In ramp is't net, Albert komt wol troch de tiid. Hy hat it drok mei hânopstekken nei auto's en it groetsjen fan de fytsers. "Ja, dat hast astû hiel Eastermar kinst."

Sjoch ek it artikel op RTVNOF.

Brêgewipper Albert Land

 

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: