De alderlêste doarpskrante BREEDút, it 2014-oktobernûmer, kin delhelle wurde. In edysje om even by stil te stean want de Eastermarder doarpskrante hat yn dizze foarm mar leafst 19 jier bestien en dit is dus de lêste. In tal redaksjeleden hat sels al dy 19 jier meiwurke, in enoarme prestaasje!

De meiwurkers fan eastermar.nl fine it tige spitich dat de krante yn dizze foarm ophâldt te bestean. Wy hawwe altyd tige goed mei-inoar oparbeidzje kinnen, kopij en e-mail útwiksele, ensfh. En alle moannen wie de krante ek yn digitale foarm beskikber foar de hiemside fan Eastermar sadat lêzers oer de hiele wrâld meigenietsje koenen fan de BREEDút. It argyf fan alle digitale kranten - fan 2007 ôf - bliuwt op dizze side beskikber; minsken kinne dan nochris omsneupe yn de âlde doarpskranten.

Ineke, Jeike, Antsje, Swaan, Evert en alle freelancers en meiwurkers, tige tank! En genietsje tenei fan de frije tiid dy't in libben sûnder BREEDút opsmite sil.

Wy hoopje fansels op in trochstart yn in oare foarm en mei in nije redaksje.

Mar foar no, noch ien kear Doarpskrante BREEDút mei in fitrine, resepten, ferslaggen, in brief fan Sinteklaas, de column en in weromblik op 180 edysjes BREEDút. Gau delhelje en lêze!

cover-breedut2014

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe