Wa 't ferlegen sit om blommevazen en sok soarte fan guod moat der gau by wêze, want it Maarteblomke sil mei de boufakfakânsje ticht. Oant dy tiid jout Ruurdtsje in koarting fan mar leafst 50% (net op snijblommen).
Mar hoe komt it no fierder?
Buorwinkel de Greideroas hat it pân oernommen en sil ûnder de namme Greideroas fierder 'buorkje' op nûmer 30. Jeltine is fan doel om ek yn snijblommen te begjinnen. De famylje Wilkens sil mei âld en nij oer, mar troch in ferbouwing kin de winkel betiid yn 't foarjier pas wer iepen. De Eastermarders sille dus even sûnder harren adreske foar blommen troch de tiid komme moatte.
It teeterras fan de Greideroas komt oare jier mei de ferhuzerij te ferfallen en dat is wol spitich foar it doarp. Yn dizze moannen is Eastermar mei nammen ûnder fytsers och-sa populêr fanwege de ferskate kar oan terraskes. Mei it nije terras fan Bakker Wijnsma der by komt de teller fan fiif dan wer op fjouwer te stean.
De 'âlde' Greideroas sil wer wenhûs wurde.
-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 30 mei 2024
'Alles ûnder ien dak' healjier langer iepen
De lûden yn it doarp gean de lêste wiken nergens oars mear oer as it sluten fan dé winkel. En mei dé... Fierder lêze »