Op freed 28 maaie 2010 hat Helena Tadema foar it earst de doar iepen dien fan it nijste winkeltsje yn Eastermar: it Quiltershûske.
Yn de winkel is alles te keap op it mêd fan quiltmeitsjen. Dêrneist organisearret Helena regelmjittich workshops, sadat leafhawwers sels oan 'e slach kinne.
Yn de winkel binne ferskate quilstoffen te besjen en te keap. Dizze stoffen ûnderskiede har fan oare, 'gewoane', stof troch û.o. de patroanen en in spesifike maat (1.10 m. breed).
De hiele dei hat it drok west mei quiltleafhawwers en Eastermarders dy't gewoan even nijsgjirrich wiene nei de nije winkel. Foar de gelegenheid hie de famylje Tadema oan de E.M. Beimastrjitte 50 (it postkantoar fan eartiids) in tydlik terras op it hiem mei fleurige sitsjes en gesellichheid.
It Quiltershûske is iepen op tongersdeis fan 10.00-12.00 en 13.30-17.00 oere.
Elke twadde freed yn de moanne ek fan 19.00 oant 20.30 oere.
-
- Informatie
- 13 juli 2025
Nachtvlinders laten zich zien in Eastermar
Afgelopen donderdagavond namen leden en geïnteresseerden deel aan een bijzondere nachtvlinderexcursi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 23 juni 2025
In kilometer nije flachjes op 'e Beima
...in tûzen meter lang ferhaal De âlde plestik flachjes wiene fersliten. Der moast wat oars komme. Imm... Fierder lêze »