Warner en Laura

Sy wenje der noch mar in pear dagen, Warner en Laura Sinnige, yn it pân dat eltse Eastermarder wol ken: Meerzigt. Op harren fersyk wurdt dit ferhaal yn it Frysk skreaun. Wy komme fan Dokkum (Laura) en Damwâld (Warner) dus Frysk is ús memmetaal. Dit stikje Fryslân, de omkriten fan Eastermar, is lykwols nij foar harren. “Wy binne benijd hoe’t it hjir yn de simmer wêze sil.” 

Earst mar even nei de skiednis. Neidat eigners Ada en Heymen in skoft Meerzigt oan de kundichheid fan Christiaan Steijn oerlitten hiene en letter it pân ferkocht hawwe, binne it no Warner en Laura dy’t moaie plannen hawwe foar Meerzigt. Neist dat sy har hjir nei wenjen sette sille, binne der ek hoarekaplannen en dat is goed nijs foar it doarp!

Wa’t in skoft net yn Meerzigt west hat, dat is even wennen. De bar en seal, dêr’t eartiids in protte organisearre waard, dat wurdt no harren wengedielte. De seal oan de foarkant wurdt geskikt makke foar de hoareka en dêr komt de bar. Simmerdeis is der in terras oan de foarkant en yn de tún. Meiertiid sille de keamers boppe renovearre wurde ta B&B keamers. Mar dat is noch takomstmuzyk.“Wy wolle it rêstich opbouwe, wy hawwe beide ek noch in baan, dus it moat behapber bliuwe. Dus stikje foar stikje oanpakke.”

Warner is dosint yn ûndernimmerskip oan de Hanzehegeskoalle yn Grins en Laura wurket as diëtiste. Mar beide hawwe ek hoareka-ûnderfining. It hoarekabedriuw dat sy foar eagen hawwe, stiet yn relaasje mei harren oare wurk. “Wêr’t wy no oan tinke is in ‘dagzaak’ mei in Frysk karakter. Lunsj, terras, beskieden kaart en bites, dy’t net allinne lekker mar ek sûn binne”, seit Laura. “It moat in leechdrompelich bedriuw wurde mei in goeie priis/kwaliteit ferhâlding. En wurkje mei Fryske streekprodukten, dat fine wy ek moai.” En pratende oer de doelgroep: “Eltsenien moat hjir telâne kinne. De fytsers, de kuierders, de toeristen en de Eastermarders fansels. Wy sjogge jimme graach kommen!”

“Fierder wolle wy lytsskalige feestjes en partijen organisearje. Sechtich, miskien tachtich minsken maks. Wy moatte it allegear noch wat útfine, mar de earsten hawwe harren al oanmeld. It belangrykste is dat wy fokus hâlde op de dingen dêr’t wy no mei dwaande binne, want oars wurdt it niks”, follet Warner oan. Hy tinkt ek oan oare aktiviteiten lykas tiim-útsjes; bûtenaktiviteiten kombinearje mei iten. “De omjouwing lient him der foar. It aardige is dat ik myn studinten meitinke lit yn it foarmjaan fan dit soarte dingen.”

Der moat noch in protte dien wurde foardat Meerzigt iepen kin. Wy stribje nei juny 2024, seit Warner. “It moaiste soe wêze wannear't wy enerzjyneutraal wurkje kinne. Sinnepanielen, waarmtepompen, isolearjend glês. Wy moatte mei ús allegear dochs de duorsume kant út. Ik fyn it moai om hjirmei oan ‘e slach."

Hawar, ideeën genôch foar it nije Meerzigt. “Tongersdei oant snein iepen, yn de simmer wol mear dagen. En op in moaie simmerjûn hoecht it om ús net om healwei seizen ticht, Dan kinne minsken noch rêstich even sitten bliuwe. Wy binne beide fleksibel genôch.” “Ik kom út in hoarekafamylje dus ik wit wol hoe’t soks wurket”, glimket Laura.

Neist de ferbouwing is it stel ek drok dwaande mei it yn de kunde kommen mei de Eastermarders. “Troch alle positive reaksjes binne wy noch mear entûsjast wurden en hawwe wy no al in protte nocht oan it wenjen yn Eastermar. Wy wolle dingen stap foar stap dwaan mar oan de oare kant kinne wy hast net wachtsje om de doar fan Meerzigt iepen te dwaan. Noch efkes geduld, Eastermar!”

As lêste noch in oprop: is taartebakken dyn spesjalisme en liket it dy moai om taarten foar Meerzigt te meitsjen, nim dan kontakt mei Warner en Laura op of rin tsjin dy tiid ris binnen.
Kontakt opnimme foar it organisearjen fan in feestje of event kin fia 0683386748.

It nije Meerzigt is te folgjen fia instagram.com/meerzigt.eastermar.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: