Yn oktober die de Afûk in oprop oan supermerkûndernimmers yn Fryslân om it Frysk yn harren winkels mear sichtber te meitsjen. Meardere ûndernimmers hawwe dêrop reagearre en nei oanlieding dêrfan wurde dizze wike de earste twa Frysktalige supermerken offisjeel iepene. 'Alles ûnder ien dak' yn Eastermar en de 'Albert Heijn' yn Damwâld binne fan freed 20 desimber ôf op en top Frysk.
Om 9.30 oere sil deputearre Sander de Rouwe yn Eastermar de Fryske ferzje fan 'Alles ûnder ien dak' iepenje.
"Supermerk 'Alles under ien dak' yn Eastermar hat in wichtige funksje yn it doarp en de regio", seit eigener Sjouke Wijnsma: "Der binne alle jierren in soad toeristen dy't Eastermar in besite bringe. De measten fan harren fine de Fryske taal tige nijsgjirrich. Spitichgenôch is it Frysk net altiten hiel sichtber. Hjir wolle wy it ferskil meitsje troch alle talige uteringen yn ús winkel dêr't wy sels stjoer oer hawwe, te ferfryskjen. Foar ús winkel is dat fan grutte mearwearde, mar ek foar us klanten út de regio en de toeristen."
-
- Informatie
- 27 januari 2023
Wêr is ús fiskboer?
Dizze fraach giet al in skoftsje rûn yn en om Eastermar hinne. Want op woansdei is ’t faakris de gew... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2023
Eastermar is...
... respekt foar de frijwilligers dy't yn waar en wyn op âldpapierdei oan't wurk binne foar it goeie... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 januari 2023
Ynsamling foar Moldavië/Oekraïne
Wy geane los mei de tredde ynsamling foar Moldavië/Oekraïne. Der mei wer guod brocht wurde by B. de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 januari 2023
Kuiertocht bij volle maan met stamppotbuffet tussen de koeien in de stal
Kom op zaterdagmiddag 7 januari wandelen in het Nationaal Landschap Noardlike Fryske Wâlden.Het word... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 22 december 2022
Och hea, útstjoering HEA! út Eastermar!
De lêste HEA! fan dit jier, it ferdivedaasje programma fan Omrop Fryslân, is opnommen yn it Mienskip... Fierder lêze »