It is grientespesjalist Jannes Hamstra op 'e nij slagge om de Raukostbokaal te winnen. Erik Postuma fan de VAST-groep koe Hamstra de beker oerlangje dy 't heart by de earste priis yn de kategory 'internationale rauwkost'. De Grykske salade fan ús grientespesjalist kaam as bêste út de bus. Smaak telt foar it grutste part mei yn de beoardieling, mar ek uterlik en farskens.
Al earder hat der in moaie beker yn de winkel stien. It liket hast gewoan dat Hamstra in priis wint, mar dat is perfoarst net sa. De sjuery hat te krijen mei 400 dielnimmers en de salades wurde anonym beoardiele. Yn totaal binne der fjouwer kategorieën dêr't men oan mei dwaan kin. Yn eltse kategory binne trije prizen. De twadde en tredde priis foar de kategory 'ynternasjonaal' gienen respektivelik nei Dokkum en Vorden. Mar foar de earste priis moast de VAST-groep yn Eastermar wêze. It is foar de de dielnimmers in moaie útdaging om mei te dwaan en goed foar de ûntwikkeling fan nije produkten neffens Postuma.
Jannes Hamstra is bliid mei de priis en in befêstiging dat er goed mei syn fak dwaande is. Dorien Tadema, syn help op sneon, moast fansels ek mei op 'e foto.
-
-
-
-
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 30 mei 2024
'Alles ûnder ien dak' healjier langer iepen
De lûden yn it doarp gean de lêste wiken nergens oars mear oer as it sluten fan dé winkel. En mei dé... Fierder lêze »