
Jierren lyn hoegden jo foar al jo boadskippen Eastermar net út. Jo koene oan it begjin fan de E.M. Beimastrjitte úteinsette mei winkeljen en wannear ‘t jo, oeren letter, oan de ein fan de strjitte oankaam wiene, hiene jo alles keapje kinnen foar yn - en om it hûs en foar yn - en om ‘t liif.
Mar tiden hawwe tiden.
Der hat ek in skoft west, dat der net folle te belibjen wie op ‘e Beima. De grienteboer, de blommefrou, de bakkerij, de kleanwinkel fan Tjoelker, allegear ophâlden.
Mar tiden hawwe tiden.
Want der komme ek nije inisjativen. Yn 2010 waard it Quiltershûske iepene; it winkeltsje foar quiltleafhawwers bestiet al wer mear as tsjien jier! En Alles ûnder ien Dak is sa njonkelytsen binnen en bûten Eastermar in fenomeen wurden. Sels bern meitsje reklame en boartsje ‘Sjouke en Sjippie’.
De Zandloper is, neist de hoareka, ek hieltyd mear in sneupwinkeltsje wurden. De Tút fan Eastermar, de ferneamde doarpslikeur, is der yn meardere smaken te keap.
En hjoed-de-dei is’t wer in aardichheid om troch de Beima te kuierjen en hjir en dêr wat sneupen. Mei de komst fan twa nije winkels yn 2021, Landelijk en Stoer en Kreas en Kado, is de haadstrjitte fan Eastermar wer in wiere winkelstrjitte wurden. It komt wer âlderwetsk goed mei de Beima.
Yn alle winkels kin sûnt dizze wike wer sûnder ôfspraak, tidens iepeningsoeren, sneupt wurde.
Leaver online sneupe?
landelijkenstoer.frl, kreasenkado.nl, boodschappengemak.nl, quiltershuske.nl, dezandloper.nl, blomensfear.nl, otteboersma.uw-slager.nl en net te ferjitten de wettersportwinkel fan de Lits en de agraryske winkel fan Ellens.
Beimastrjitte-winkelstrjitte
-
- Informatie
- 28 september 2026
Nijs út it Mienskipshûs
SimmerHoewol’t it simmerfakânsje west hat, wol dat net dizze dat it Mienskipshûs net brûkt is. De hi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 september 2026
Informatie werkzaamheden brug Eastermar; gestremd vanaf do. 8 oktober 19.00
Begin oktober 2026 start aannemer TruSteel Infra met het onderhoud van de brug over De Lits in Easte... Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 september 2026
Simultaandamjen krijt in sturtsje
By de simultaandammerij fan de ôfrûne Bloeiwike kaam ien fan de dielnimmers mei de fraach:”Soe it mo... Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 september 2026
Marnijs editie 56 tot en met 60
Reeds verschenen nummers van Dorpskrant Marnijs zijn digitaal via deze website te downloaden in PDF... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 juni 2026
Lekker bakje/hapke by 'Ea komt it wetter' op 'e bradery
Saterdei stiet Stichting Iepenloftspul Eastermar op de bradery/diskemerk by foarhinne 'Alles ûnder i... Fierder lêze »