×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 457 niet laden

Ôfrûne saterdei wie it earste BluesBarren yn Hotel Meerzigt. Wy woenen wolris wite oft Eastermar The Blues wol wurdearje koe. No, it wie tige slagge. Ungefear 50 minsken ha der west en ha de noflike 'niks moat, alles mei'- sfear preaun en dat smakket hooplik nei mear. Foar it skoft waarden der troch de BigBellyBluesBand 50 minuten lang ferskate nûmers spile, dêr't geregeldwei troch Sytse Wilkens it ferhaal efter de plaat ferteld waard. Dat jout dochs wat ekstra's.

Yn it skoft waard der oan 12 dielnimmers in workshop jûn en der waard wat oer de blues ferteld. Uteinlik binne der 2 nûmers ynstudearre. Oan de ein fan it twadde diel binne dizze twa nûmers troch de workshoppers mei de BigBellyBluesBand spile. Karst Tjoelker en Tjibbe van der Veen doarsten it oan en spylje ek in solo. Dat koe it publyk wol wurdearje! Sa't it no liket wie dit perfoarst net it lêste BluesBarren.

Nijsgjirrich nei de foto’s? Sjoch hjir mar efkes. Filmmateriaal folget.

Ut namme fan de Blues Barren Boys: Michel

Bluesbarren

{jomcomment}

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe