×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 457 niet laden

Ek dit jier kinne wy as Eastermarders sjen dat der op mear marren syld wurde kin as op de Burgumer Mar of de Leien... Dat wisten wy al nei de IFKS, mar dat kinne jo ek sels belibje troch mei te dwaan oan it ferneamde Silersbarren. Op saterdei 6 septimber sille wy mei maklik te hantearjen 'poly-valken' farre op 'e Hegemer Mar, Fluessen, Sleattemer Mar ensfh. Alle folwoeksenen út Eastermar binne ek dit jier wer tige wolkom om mei te dwaan.

Programma:

08.15 oere: sammelje op it Breed, op nei Heech.

09.30 oere: fertrek by van der Pol yn Heech

12.30 - 13.30 oere: efkes oanstekke op in terras (Sleat, Balk, Langwar?)

17.00 oere: wer oan wâl

De boathierkosten binne € 15,- pp. Opjaan kin oant en mei 30 augustus, fia de mail by Wopke/Froukje () of by Oebele () Jou ek efkes oan oft wy jo op 'e list sette kinne as skipper. It is de bedoeling om de jûns, foar wa't wol, noch mei-inoar út te iten yn of yn 'e buert fan Eastermar. Mei-ite: mail it ús. De dielnimmers krije nei it Easterbarren fia de mail de lêste ynformaasje.

Wopke en Oebele

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe