Om healwei alven stuitsje in famylje Belgen op wei nei it hoteltsje, dat sy foar 't wykein boekt hiene, op in barrikade op it Breed. Sy reitsje it paad bjuster en bedarje op it Sytskelân, alwer in passant frege wurdt hoe by Hotel Oostermeer te kommen. "t Lijkt er op dat u een strand aan het aanleggen bent of zoiets."
De passant leit út dat sy om it doarp hinne ride moatte om fan de brêgekant it hotel te benaderjen. De Belgische sjauffeur sjocht wat fernuvere en freget him ôf as is wol sa'n goed idee wie om hjirhinne.
"En de route naar het VVV, weet ge dat ook?" "Jawel mijnheer, via het strand en dan rechtdoor."
Middeis beslute de Belgen ta in loopke troch de buorren. Op it Breed blykt it hiele doarp oan it volleybaljen te wêzen. "Zouden die Friezen dat overal zo doen, eerst een strand aanleggen om er volgens met zijn allen op te gaan volleyballen?"
De Belgen fine it VVV en reizigje dêrnei ôf dy kant fan Dokkum út.
Jûns komme sy wer werom, en sykje in terraske 'foar in pinteke'.
Ferbjustere sjogge sy dat it volleybalstrân no in itersstrân wurden is.
"Da wist ik nie, die Friezen doen niet alleen spelletjes met zijn allen, ze eten 's avonds ook met zijn allen. En dan zeggen ze hier van de Belgen, dat die een beetje zot zouden zijn?"
"Allee, zouden die lui dan ook met zijn allen slapen?"
"Misschien wel he, maar zo lang die dat niet allemaal in ons hotel doen, is het mij wel goe..."

Wat wer in barrens...twa op ien dei!
Ochja, en de Okkies hawwe wûn!

beachbarren2006-3.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe