De Easterparade, in ludike aksje om jild yn te samljen foar it Easterbarren, hat op 'e nij in grut sukses west. De aksje, mei frijwilligers yn country&western style, dy 't by de doaren del giene, hat mear opbrocht as ferliene jier. De teller stie freedtejûn op € 1038,-, mar der komme noch hieltyd giften binnen.
De Easterparade is yn 2005 útfûn troch stifting Easterbarren. It strjitfestival moat fergees tagonklik bliuwe, dus moat der op in oare wize jild binnen komme. It kollektearjen waard begeliede troch Easterbarrenmuzyk en it tapaslike kommentaar fan twa ûntsnapte Daltons.
Oan de ein fan de optocht waard de Easterparade ôfsluten op it Breed mei in optreden op fan in Countryline-dancegroup en (Country)sjongeres en lokaal talint Gerbrich van Dekken.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe