Hjoed wie yn de omkriten fan Eastermar de hiele dei it diek-diek-diek-diek fan antike trekkers te hearren. Fêste prik op de lêste sneon fan maaie. Oan de Sumarderwei wiene alle âlde en ferneamde merken te bewûnderjen: de Super Dexta Ford's, de Bukh's, de Unisuper's, de Landz Bulldog's, de Hanomag's, de Steyr's, de M.A.N.'s, ensfh.

De meanwedstriden mei âld ark is in tradysje wurden op dizze dei. Omdat dit net om 'e hoeke barde mar op in stik greide mear de kant fan de Burgumer Mar út, waard it publyk mei in âlde pream mei opdrukker hinne en wer brocht. Der waard flink gebrûk fan makke.

Oude Trekker- en Motor Vereniging OTMV ôfdieling Fryslân hie dizze dei wer moai organisearre.

Image

Image

Image

Foto's: Harmke Paulides

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe