It wie ôfrûne sneon mar dreech in kar meitsjen. Wêr hinne te gean? Fleantúch-sjen yn Ljouwert? Mei de RABO nei Earnewâld? Of tichter by hûs; iepen dei op 't Hoog Hof? Wy hawwe keazen foar de iepen dei op Buorkerij-camping 'Yn 'e Lânsdouwe'. By de famylje Benedictus wie fan alles te belibjen. Men koe mei op ekskurzje it lân yn, biologysk fleis preauwe, foarljochting oer hoe 't it rydt en fart op in biologysk boerebedriuw op 'Fokke-iaanske' wize. Boppedat wie der in lêzing oer sûn iten en drinken troch Jan van der Pol.
Sittende op striepakken yn de stal, tusken oerfleanende sweltsjes koe men harkje nei de gefolgen fan de hjoeddeiske libbensmiddelsyndustry op jins sûnens. Syktebylden as allergieën, ADHD, jokte, yntoleransjes, wargens, net goed wurkjend ymmúnsysteem, ensfh. Allegear werom te bringen op it net iten fan sûne kost. Aspartaam (yn in soad 'light' produkten) is bygelyks in grutte boosdoener neffens Jan van der Pol. In gleske reade Merlot-wyn docht dêryntsjinsteande ferhipte goed.

It Limousinfleis smakke nei mear; it winkeltjse mei fleis en oare biologyske produkten is alle sneonen en op ôfspraak iepen. Dochs unyk dat wy dat hjir yn Eastermar om 'e hoeke hawwe.

lansdouwe1.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe