Mei de tredde edysje fan it Snertbarren ôfrûne sneon, is dizze aktiviteit op in profesjoneel nivo kaam. It konsept is troch ûnderfining fan de lêste twa jier no goed úttocht, de bernesyktes binne der út. En dat is moai op tiid want wy kinne fêststelle dat it Snertbarren net langer in Eastermarder 'onderonsje' is. "It begjint fan bûten ôf te lûken", sei ien fan de minsken fan de organisaasje.

Image
De snertkreamkes op It Breed

Snertkuiertocht.
Fan trije oere ôf koenen de dielnimmers begjinne oan de Snertkuiertocht: yn kombinaasje mei it Snertbarren in prachtich arranzjemint. Mei in wintersintsje der by koenen 73 dielnimmers genietsje fan de omkriten fan Eastermar. Ûnderweis stie de krystman klear mei in flaubyt en in gleske. It lêste part fan de rûte hoegde men net mear op 'e kaart te sjen. "Gewoan even snuve wêr 't de snertrook weikomt en dan dêr op ôf." De organisaasje fan de kuiertocht wie in hannen fan de 'Toeristeninformatiepost Eastermar e.o.'

Image
Gesellige kreamen


250 liter
De snertkreamen op It Breed stienen yn in grutte trijehoek, mei yn 'e midden fjoertonnen. Dizze opstelling soarge foar in yntime sfear. De saakkundige sjuery, Wietske de Vries en Hans Beerstra, hie it der mar dreech mei. 22 Snertsierders hienen har bêst dien om de snertbokaal yn de wacht te slepen. Trije dielnimmers kamen op itselde snertrapportsifer út en sadwaande waard net allinne de snert, mar wienen ek de presintaasje en de omballingen belangryk. Winner fan de snertbokaal is Elly van Holsteyn wurden. Hja hie op it lêste stuit dochs mar meidien en dêr hat se gjin spyt fan krigen. Twadde waard Carolien van Herwijnen (al trije jier yn de prizen) en tredde Tineke Postma.

Image
Winner Elly van Holsteyn kriget de Snertbokaal út hannen fan Bert de Vries


Opfallend wie dat hieltyd mear dielnimmers each krije foar de presintaasje fan har snert. Guon kreamen seagen der tige sfearfol út en dielnimmers hienen har ferklaaid.
Op ien nei rekken alle snertsierders útferkocht. It winterwaar soarge der foar dat it publyk der gjin genôch fan krije koe. Foarich jier wie it 135 mingel, no kaam de teller op 250 liter út.
Hoarekabedriuw 'It Breed' soarge foar de buffer: 65 liter stie der klear. 'It moat ús net wer oerkomme dat de snert binnen de oere útferkocht is', hienen Raimondo en Annet fan 't Breed' tocht, tebeksjend op de edysje fan 2006. Fan de 65 liter bleau likernôch 10/20 liter oer.

Image
De jongste dielnimmer, Han Kieft


Bern
Dizze kear wie der noch better om de bern tocht. Foar har wienen der broadsjes knakwoarst yn 't plak fan snert. "Folle lekkerder!" Hja koenen wer meidwaan oan de wedstriid 'snertpanhangen'. Mar ja, de dielnimmers koenen wer net om Marije Nijboer hinne. Foar it twadde jier sette sy in tiid del dêr't de oaren lang net oan tippe koenen.
De Broekophâlders, de fjoertonnen, de ljochtsjes, de krystbeam op it Breed en de opteine gesichten fan publyk en dielnimmers soargen foar in hiel gesellige sfear.
Al mei al hawwe der tusken de 400 en 500 besikers west op it Snertbarren. De opbringst, 0,50 sint it kopke, wie foar it goeie doel: de Blijenhof yn Burgum.

Praatpeal
En dan wie der ek noch de praatpeal fan de 'Praat mar Frysk'-aksje. De iennige peal yn Fryslân stie dizze saterdei yn Eastermar. Der wie grutte belangstelling foar. De filmkes dy 't opnommen binne fia de peal binne meikoarten op dizze side te besjen.

De organisaasje wie tige tefreden. Yn de evaluaasje wienen hja der gau út: it oare jier moat der wer in Snertbarren komme, mar dan wol wer mei glühwein. "Dat wie dit jier yndie dochs wol in gemis. En SBS6 kin it oare jier ek wol komme, want hokker plak organisearret no sa'n aktiviteit?"
Guon toeristen krigen in soarte fan 'koninginnedag'-gefoel' by it barren. "Als we straks terug zijn, dan hebben we toch een verhaal. Nooit geweten dat snert-eten zo gezellig kan zijn."

Image
De sjuery test de temperatuer

Advys
Twadde priiswinner fan foarich jier, Thea van de Wiel mei in fegetaryske snert, hie dit jier net meidien mar krige wol in goed advys: "It oare jier der in stikje spek yn, dan hast goud!"

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe