Neam it in 'barren' en jo hawwe moai waar. Wy dogge der altyd wat lakerich oer mar de formule wurket yn Eastermar noch altyd. Ofrûne sneon wie it wer bingo: sinneskynwaar en in prachtich begjinnerswyntsje foar de silers.

De reis wie dizze kear nei Heech. De polyvalken fan 'van der Pol' leinen dêr kreas foar ús klear en even letter koe it mei 32 dielnimmers en 8 boaten de kant fan Sleat út. De brêge yn Wâldsein wie gjin probleem: de mêsten fan dizze falkjes lizze binnen in minút plat. Op 'e Sleattemermar soenen guon al op Balk oan, mar krekt op 'e tiid waard der nochris goed op 'e kaart sjoen en ja, Sleat leit dochs krekt wat mear nei it suden...
Yn Sleat hat it selskip even noflik op it terras sitten en koe der nije enerzjy opdien wurde om oan de weromreis te begjinnen. De wyn hie him al wat deljûn en der moast in aardich stik lavearre wurde. Dit spultjse fan tsjin-de-wyn-opsile hawwe no aardich wat dielnimmers yn 'e slach krigen.
Hawar, it selskip is sûnder ûngelokken werom kaam, al soarge de sanitêre stop hjir en dêr yn letterlike sin foar wat modder oan 'e kloet .
Mei in buffet by it Paviljoen oan 'e Leien waard de prachtige dei ôfsluten. Mei tank oan de organisaasje en de skippers fan dit jier!

It oare jier is der op 13 septimber wer in silersbarren. Wa 't soks ek ris meimeitsje wol en wat sylûnderfining opdwaan: de ynskriuwing foar 2008 stiet no al iepen!

Ynfo by Wopke Wobbes of Oebele Brouwer.

It byldferslach is dizze kear makke troch Nynke de Jong.

Image

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe