voetbalkooi

De fuotbalkoai oan ’t Harstepaad is krekt foar de skoalfakânsje alhiel opknapt: de flier is foarsjoen fan in nije deklaach en de belijning stiet der wer kreas op. De Behearsgroep Fuotbalkoai Eastermar is osa wiis mei dizze renovaasje. Om dat ekstra omtinken te jaan wolle de ‘behearders’ wat spesjaals dwaan.

Dat spesjale bestiet út de organisaasje fan in Koaitoernoai. Dêroan kinne basisskoallebern (fan grp. 5 ôf) en begjin Fuortset Underwiis (oant 16 jier) meidwaan.
Foar de simmer ha in pear leden fan ‘e Behearsgroep al op De Twirre frege wa’t wat foar dit toernoai fielde en dat smiet al 30 nammen op. Der kinne fansels wol mear by. Ek bern dy’t net lid fan in fuotbalklup binne, kinne fansels meidwaan.
It toernoai wurdt hâlden op saterdeitemiddei 14 sept. en begjint om 14.00 oere.
Opjaan kin by Klaas Albert Dijkstra (0611597094) Jurre Jan Venema (0638102414) en dan graach foar 8 sept.

De Behearsgroep Fuotbalkoai

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe