Wêr't it fenomeen Falentynsdei weikomt is min nei te gean. Wie it de leginde fan in jong pearke dat by bisskop Falentyn trouwe woe? De man wie in heidense soldaat, de frou kristen. Falentyn achte de leafde belangriker as de wetten fan de keizer en troude it pear. Al gau kamen der mear steltsjes mei deselde winsk. Mar keizer Claudius liet Falentyn martelje en ûnthalzje… Dat barde op 14 febrewaris, mar yn hokker jier is net dúdlik. Ear't it fûnis útfierd waard slagge Falentyn deryn en stopje it dochterke fan de sipier in bryfke ta mei: fan dyn Falentyn derop.

Of is it in dei fan kommersje dy't út Amearika oerwaaid is? In dei dat leafsten mekoar ekstra oandacht jouwe mei presintsjes, of (anonym) mei blommen of kaarten?

Hoe dan ek, de LEAFDE yn al har ferskiningsfoarmen wurdt op 9 febrewaris yn de Hege Stins troch Koardinaasje én it a-capellakoar Melomania út Lippenhuzen besongen, yn liet en poëzij. De romantyske leafde, de praktyske leafde, de jaloerske leafde, de kwetsbere leafde, de wredens fan de leafde of de ein fan in leafde.
Leafde is as in kryptogram: ek al krijst de oplossing derby, dan noch snapst der neat fan.

Leafde is alles wat in minske noadich hat.
Mar sa no en dan wat sûkelade is ek net ferkeard.

Koardinaasje

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe