Mei twa doaskes fan fyftich sigaren setten om klokslach twa oere de sjueryleden Toop van der Velde en Wijbe Postma
fannemiddei yn 'e feesttinte útein mei de tradisjonele sigaarsmookwedstriid.
Hja hâlden ien sigaar oer, want der sieten 49 dielnimmers op it poadium fan ús nije feestlokaasje.
Dy iene oerbleaune sigaar waard skonken oan Bert de Vries fan 'e feestkommisje, want hy soarge derfoar dat
de droege en trochrikke kielen fan 'e smokers goed smard bleaunen.
By dy 49 smokers wienen fjouwer froulju en dat is einliks wat te min, mar osa moedich fan dy fjouwer om dochs mei te dwaan.
Miskien is it in tip foar de feestkommisje om yn 2008 in aparte kategoary 'froulju' yn te stellen en
sa dizze wedstriid mear by de dames te promoaten.
Fan dy froulju skoarde Giny van Dijk it bêste resultaat mei 31 mm.
Grutte bewûndereing wie der ek foar Dinant Vos, dy't him krekt foar trijen noch as dielnimmer melde
en in dik kertier poerlykme allinnich op 't poadium siet te dampen.

De prizen (bekers) foelen op de folgjende dielnimmers.
Tredde priis: Andries Kamminga (21 mm.)
Twadde priis: Catrinus Tadema (20 mm.) en
de kampioen 2007 waard Roelof Faber mei in peuklingte fan 19 mm.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe