Fjouwerjûnekuier 04 o/m 08 juny

Bêste Eastermarders en minsken út de omkriten,

Yn ‘e wike fan 04 o/m 08 juny organisearje we wer de tradisjonele 4-jûnekuier. Sa as alle jierren besykje wy wer moaie rûtes út te sykjen. Dizze rûtes binne hiel geskikt foar bern om’t der in protte oer de sânreden rûn wurdt dêr‘t de bern mar fleane en stowe kinne.

Dit jier is 't al wat oars: wy besteane nl. 40 jier.
Wy rinne foar de 39-ste kear. (Y.f.m de mkz-krisis ha we ien kear gjin 4-jûnekuier hân.)

Wy ha y.f.m. it jubileum besocht foar alle jûnen wat ekstra's te dwaan mei leuke dingen foar jong en âld. Yn alle gefallen is der ek in jûn life-muzyk!

Wat en hoe krekt... dat is noch in ferrassing.

Om dêr achter te kommen moatte jim jim opjaan op moandei 4 juny en de hiele wike meirinne. En mei ús feest te fieren!

Der binne rûtes fan 5, 10 en 15 kilometer. It startplak is de kantine op sportpark Burgerkamp. Alle jûnen fan 18.00 oere ôf.

Oant 4 juny. Wy meitsje der in gesellige wike fan!

Organisaasje Fjouwerjûnekuier

4jûnkuier

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe