sint

Dach berntsjes fan Eastermar,


Ik bin al drok dwaande om de boat yn te pakken. As jimme dit lêze, bin ik al yn Nederlân!
Ik ha der hiel bot sin oan. Ik soe it hiel moai fine om fan jimme allegear wer wat te hearren of te sjen.

By 'Alles ûnder ien dak' stiet myn brievebus: dêr kinne jimme in tekening foar my yn dwaan. In ferlanglistje mei ek, of in brief as jim my wat fertelle wolle. Ik hoopje op in protte post!

Ik kom op saterdei 19 novimber mei myn Swarte Piten yn Eastermar. 
'Hoofdpiet' seit dat wy om 15.00 oere op It Breed oankomme sille.

Mei de bern o/m groep 4 fan de basisskoalle gean ik dan nei de sporthal dêr’t wy om 16.00 oere in gesellige middei ha sille.
De bern fan groep 5 o/m groep 8 rinne earst mei ús mei en dy bringe wy dan nei de Kjellingen. Dêr is, ek om 16.00 oere, foar harren in 'Sinteklazespultsjemiddei'.
Foar de 12+ is der fan 16.00 oere ôf in Sinteklaasfeest yn de Hege Stins dêr’t ek fan alles te dwaan wêze sil.
Ik tink dat wy meielkoar in hiel moaie middei ha sille!

Oant sjen op 19 novimber,
Sinteklaas

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe