Boatsjeminsken ha sûnder mis it keunstwurk sjoen dat ein april yn de Burgumermar pleatst is. Dat barde yn it ramt fan it keunstprojekt WOORDENSTROOM. Dit projekt is yn opdracht fan de provinsjes Grinslân, Fryslân en Rykswettersteat ûntwikkele nei oanlieding fan de ferbetteringen dy’t oanbrochtwurde yn ‘e farrûte De Lemmer - Delfsyl. Dizze rûte is foar de beropsfeart in belangrike skeakel yn it Europeeske farwegenet. De farwei wurdt breder en djipper makke en de brêgen wurde ferhege.

Image

It projekt WOORDENSTROOM sil úteinlik bestean út trettjin keunstwurken lâns de ferbettere rûte troch beide provinsjes en ein april hat deputearre Mulder it fyfde keunstwurk ‘Wettertoppen’ ûntbleate troch trije mei horizontale kleurbannen beskilderde boeien yn de Mar te pleatsen. De kleurige boeien foarmje in soarte fan wurdmasine, want dêr boppe-op binne buorden oanbrocht mei elk twa letters, T/M, O/A en L/K. Dy buorden wurde troch de wyn yn beweging brocht, sadat der hieltyd oare wurden foarme wurde. Neffens skriuwer Kees ’t Hart en typograaf/grafysk foarmjouwer Karel Martens, de betinkers fan it objekt ‘Wettertoppen’, ropt it gehiel assosjaasjes op mei de spontaniteit fan de bernetaal of de earste wurdsjes fan it lêsplankje.
De wurdmasine kin de folgjende wurden ‘meitsje’:
TOL TOK MOL MOK TAL TAK MAL MAK
LOT KOT LOM KOM LAT KAT LAM KAM

Image


Image


De keunstners ha der ek oer neitocht dat de brûkte byldmiddels – boeien en simpele lettertekens – passe by de dingen dy’t men op it wetter oantreffe kin.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe