Wat moat it Iepenloftspul Burgum no op de Eastermarder side? Dit hat dochs neat mei Eastermar te krijen? Dochs in lyts bytsje…
En sa lang Eastermar net in eigen iepenloftspul hat, mei dat best.

It Frysktalige stik is dit jier wer tige de muoite wurdich. Wêr giet Passy of Pasta oer?
‘Ast altyd dochst wat oaren wolle, hat it libben gjin sin.’ Dit is it tema fan Passy of Pasta, in stik mei hilaryske, mar ek tragikomyske mominten.
It spilet him ôf yn Itaalje en giet oer de famylje Fiorelli, in grutte tradisjonele famylje fan pastamakkers. De heit wol syn bedriuw oerdrage oan syn beide soannen. De jongste soan Tommaso studearret en wennet yn Rome tegearre mei syn freon Marco, mar de konservative famylje is hjir net fan op ‘e hichte. As syn heit him freget om werom te kommen om it fabryk oer te nimmen, hat hy dêr net safolle nocht oan. Hy beslút om ûnder in feestlik famyljediner út de kast te kommen en hopet sa syn ferplichtingen te ûntrinnen.
Mar safier komt it net...
Syn broer Antonio nimt earst it wurd. Heit Fiorelli wurdt poerrazend as er heart wat Antonio te fertellen hat, wiist him de doar en freget Tommaso om it bedriuw oer te nimmen. Tommaso komt foar in drege beslissing te stean, mar ek de minsken om him hinne wrakselje mei dilemma’s en dat soarget foar temperamintfol fjoerwurk, mar ek foar oandwaanlike mominten.

Studio Staalkaart út ús eigen Eastermar, hat dit jier wer de grafyske foarmjouwing en webside fersoarge.

Tongersdei 23 maaie is de premjêre al en der binne noch genôch kaarten. Gau reservearje fia www.iepenloftspul.nl.

Passy of pasta

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe