Eastermar en it ‘Keppelfeest’

It is dit jier 60 jier lyn dat op freed 16 novimber 1951 de Ljouwerter plysje op it Saailân mei wapenstok en wetterkanon in ploech sympatisanten fan Fedde Schurer, de dichter, sjoernalist en politikus, út mekoar jage. Fedde Schurer makke him sterk foar it Frysk en moast dy dei foar it gerjocht komme om’t er yn syn krante - de Friese Koerier - de rjochterlike macht misledige hie. (Sjoch: http://nl.wikipedia.org/wiki/Kneppelfreed)
Om dit barren op in ludike wize wer by de Friezen yn omtinken te bringen hat de Ried fan ‘e Fryske Beweging in manifestaasje op tou set mei de namme ‘Keppelfeest’.

 

keppelfeest

Fan septimber oant en mei novimber (60 dagen) sille tal fan aktiviteiten plakfine yn Fryslân. Yn dy 60 dagen wurde net allinnich Kneppelfreed en Fedde Schurer (1898–1968) betocht mar wurdt ek oandacht jûn oan de rykdom oan talen op de wrâld.
It motto is: net kneppelje mar keppelje. Want de soarch foar de eigen taal en it sprekken, brûken en stimulearjen dêrfan kin minsken tichter bymekoar bringe.

It inisjatyf foar it Keppelfeest wol ús feriening fan Doarpsbelang graach stypje en it bestjoer hat Eastermar ek oanmeld as dielnimmer oan dit Keppelfeest.

By in feest heart de fleur der yn te sitten! Sa ûntstie it idee by de organisaasje om alle dielnimmende doarpen in fleurich oansjen te bieden. Wat kin dêr better foar brûkt wurde as in flagge. Ien flagge? Nee, foar elk jier fan 1951 ôf ien. Sa kriget Eastermar de beskikking oer 60 flaggen!
Us doarp is ien fan de 60 dielnimmende doarpen yn ‘e provinsje en sa sille der dus oant de ein fan de feestperioade 3600 ‘Keppelflaggen’ yn Fryslân wapperje.

De flaggen binne spesjaal foar dit Keppelfeest makke en foar elk doarp is der in tapaslike tekst op printe. De tekst dy’t op de Eastermarder flagge stiet is:

‘it moaiste stikje Fryslân ha wy fûn by Eastermar’

(Mar dat wisten wy sels al jierren en jierren…)

De doarpsgenoaten dy’t fan 9 oktober o/m 19 novimber wol sa’n feestlike flagge (krije jim fergees) oan ‘e gevel ha wolle, kinne har opjaan by de Keppelfeestdoarpskontaktpersoan: Wijbe Postma, ’t Hôf 5, tel. 0512 471615, e-post: . (Jo meie de flagge neitiid hâlde as 'collector's item'.)

De feestlikheden sille kommende saterdei starte mei in doarpsflaggemanifestaasje yn Ljouwert. Ek dêr sil ús doarpsfertsjintwurdiger de kleuren fan Eastermar heech hâlde!

Wa't alles witte wol oer dizze aktiviteiten, kin de PDF mei alle ynfo delhelje  (2mb).

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe