De Fjouwerjûnekuier (of ‘Avondvierdaagse’) is dit jier fan 23 o/m 27 maaie.

Foar de 33e kear (1x kear is it ôflast y.f.m. tongblier) sille de leafhawwers en (skoalle)bern lâns de moaiste rûtes yn de omkriten fan Eastermar rinne kinne foar de medalje of gewoan foar de wille. It binne de rûtes dy’t de AVD fan Eastermar ta ien fan de grutste yn de omkriten makke hat. Likernôch 500 dielnimmers komme alle jierren om op in sportive wize fan de omjouwing te genietsjen.

Dat dit barren al safolle jierren stân hâldt is mei namme te tankjen oan de ynset fan tal fan frijwilligers. Dy soargje der foar dat de rûtes útset binne, dat de dielnimmers op 'e tiid drinken krije, dat der feilich oerstutsen wurde kin en dat der ûnderweis gjin ien achterbliuwt. De AVD-kommisje is hjir tige wiis mei!

Wy starte alle jûnen (fan 18.00 oere ôf) by de kantine fan 'e Burgerkamp en dêr is ek it einpunt. De lêste jûn (freed 27 maaie) slute wy ek ôf by de kantine. Dêr wurde dan ek de medaljes útrikt. Muzykkorps De Kriich út Wergea sil de lêste jûn wer foarop gean om alle dielnimmers fleurich en feestlik te begelieden nei it einpunt.

Doch ek mei en genietsje fan it skitterjende fjild yn en om Eastermar hinne! Wy sjogge jimme graach de 23e maaie mei al dy oare stappers by de Burgerkamp.

►It soe eins net nedich wêze moatte, mar hjirby roppe wy de hûnebesitters op om de strjitten en rinpaden yn en om ús doarp frij te hâlden fan hûnepoep. De dielnimmers oan de Fjouwerjûnekuier - mar ek alle oare stappers en kuierders - hoege dan net hieltyd nei de grûn te sjen.

►De dielnimmers oan de Fjouwerjûnekuier freegje wy om de rûtes skjin te hâlden en gjin pûdsjes en papierkes slingerje te litten.

►Minsken út Eastermar e.o. dy’t yn it besit binne fan in EHBO-diploma en dy’t har wol in jûn ynsette wolle foar de Fjouwerjûnekuier, freegje wy om kontakt op te nimmen mei Gabe Teakema, tel: 0512-472187

Ut namme fan 'e kommisje Fjouwerjûnekuier,

Roelie Hoekstra

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe