×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 457 niet laden

Op saterdei 18 septimber wurdt wer it jierlikse silersbarren hâlden. Bedoeld foar alle Eastermarders fan 14 jier of âlder, ek as jo yn it ferline noch net earder meidien hawwe. Jo hoege sels net sile te kinnen: der binne altyd genôch skippers mei.
Wy sile wer yn moaie Polyvalken fan Wettersportbedriuw Van der Pol út Heech. De hiele dei binne wy dan op it wetter: de Hegemer Mar, Fluezen, Sleat of wêr't de wyn ús mar bringt. Tusken de middei efkes op in terraske en oan 'e ein wer mei ús allen in hapke ite by de Sinees yn Akkrum. It wurdt grif wer in moaie dei. En dat foar mar sa'n € 15,- de man/frou, it iten net ynbegrepen.
Opjaan kin by Wopke Wobbes of Oebele Brouwer. De dielnimmers krije op 'e tiid oer de mail neiere ynformaasje.

Wopke en Oebele

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe