Alwer foar de njoggende kear waard it hâlden: it jierlikse Beachbarren op it Breed. It spylfjild wie dit jier moai oanpast want de pealtsjes wienen op 'e tiid troch de gemeente fuorthelle. Doe't ek noch fan de faak besprutsen balstiennen in kreas hunebêd makke wie, ûntstie in pracht fan in lokaasje. Neffens de Beachboys hoecht it nea wer oars.
De winners fan de lêste jieren (Okki's, Koeien en Pillen, Wytfean) dienen net mei, dat der wienen kânsen foar de oare ploegen. En dy wienen der folop. Wy moasten ophâlde by 24 teams, oars hienen der grif noch mear meispile. De teams mei soms net út te sprekken nammen (de omropper hie it dreech) spilen op folle krêft. Krekt as wie it gjin 30 graden ûnder in moardzjende sinne.
Yn de 4 poules kamen de teams fan "Smashing Pumpkins", "Doordrukkers" , "by Heech en Leech" en "Grutte Growe Grise Dakdow" as winner út de bus. Om healwei sânen wûn it lêstneamde team de finale, mei de "Doordrukkers" as twadde. Ein fan in moai toernoai. De barbecue fan Otte stie klear, it waar wie noch hieltiid geweldich en it wie noch lang drok op it Breed. Dat is wêr't in doarpsplein krekt foar bedoeld is.

Byldferslach fan Saskia van den Berg

Byldferslach Koen Tadema

beachbarren

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe