By de sigaarsmookwedstriid fan dit jier is dúdlik wurden dat de Eastermarders har it lêste jier goed taret ha op dit toptreffen: de prizen bleaunen yn eigen doarp. De konkurrinsje fan bûten liet it ôfwitte, want de Kamminga’s, Huizinga’s en Douma’s út oare Wâldhoeken ha har bêst dien, mar koenen gjin rol fan betsjutting spylje tsjin ‘e Eastermarder paffers. Ien útsûndering yn dit ferbân moat neamd wurde. Dat is Andries Kamminga, om’t dy himsels in handicap oplei troch de sigaar omkeard yn ‘e mûle te stekken. Nei ’t er syn misser ûntdutsen hie, wie er sa sportyf en smook ûnfersteurber fierder om dochs in goed resultaat te heljen. Soks jout oan dat der ek karaktersmokers binne en hy fertsjinne dêrmei in earfolle fermelding fan ‘e wedstriidlieding.

tredde priis

 

Dyselde wedstriidlieding, besteande út Toop van der Velde en Wijbe Postma, wie dit jier needsake om de mjittingen út te drukken yn hûndertsten fan in sintimeter, wat ek oanjout dat de kwaliteit fan ‘e smokers noch hieltiten tanimt. Fierder moast ad hoc besletten wurde om de wedstriid oan in eintiid te binen, om’t oars de ‘diehard’-trochdampers it hiele wykein sitten bleaun wienen om ien sigaar yn jiske om te setten.
De krityk fan ‘e froulike dielnimmers dat der eins in aparte kategory frouljusmokers ynsteld wurde moat, snijt nei hjoed gjin hout mear. Want… by de top-trije fan dit jier wie in frommes! Tineke Postma helle fannemiddei brûns. Hulde foar dizze topprestaasje!
It twadde plak wie ek foar in alle jierren wer meistridende Eastermarder. Bennie Zeilstra seach syn allegeduerigen tanimmende ûnderfining beleanne mei plak nûmer twa op it eareskavot.

Doe ’t de winner fan dit jier him om twa oere fannemiddei ynskriuwe liet, hie de organisaasje eins de priis daliks wol oan him meijaan kinnen. Ien út ‘e hûshâlding fan Nico’Tine is eins by dit topsportbarren ommers foarbestimd om as winner út  ‘e (tabaks)bus te kommen… Sipke Hoekstra mei in jier lang de titel Sigaarsmook-kampioen drage en sil, sa betroude er de redaksje ta, syn âlden net teloarstelle en ferdigenje de titel yn 2011 mei alles wat yn him is. Wy hoopje dat dit foarnimmen net yn reek opgiet.

It resultaat yn sifers:
1-ste priis: Sipke Hoekstra, 2,50 sm.
2-de priis: Bennie Zeilstra,  2,67 sm.
3-de priis: Tineke Postma, 3,02 sm.
(foar de net-ynwijden: de oerbleaune peuk wurdt metten foar it einresultaat)

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe