Saterdei 19 desimber wie it twadde Bluesbarren, diskear yn kafee 't Breed. It wie gesellich drok, de Healers hiene der sin oan en de sfear wie poerbêst. It foarprogramma waard fersoarge troch Chippin'Blues, mei yn alle gefallen ien âlde bekende: Sytse Wilkens. Tegearre mei Dirk Hellinga spile it duo in akoestyske set mei tradisjonele bluesnûmers. In moaie opwaarmer foar de Healers, "all the way from Beetstersweach".

De Healers spilen mar leafst trije sets en in tajefte. It publyk wie hiel entûsjast: "Dit mocht om my wol alle sneonen." No sil dat fuortendaliks net barre, mar it seit wol wat oer de kombinaasje fan blues, Fryske teksten en de wize wêrop't de Healers de blues hearre litte. De Healers meitsje nammentlik feestblues dêr 't prima op te dûnsjen is. En dat barde dus.

De Eastermarder Bluesbrommers wiene oer it generaal hiel tefreden oer dizze edysje. Dit inisjatyf freget yn alle gefallen om it oare jier in nije edysje fan it Bluesbarren ta te rieden. Want der giet neat boppe wiere Easterblues.

Healers

Mear bylden yn de mediarubryk.
Alle foto's binne makke troch Hinke Veenstra.

Wa't de Healers stypje wol, kin op harren stimme foar de Fryske Top 100.
Sjoch ek op de eigen Hyves-side fan de Healers.

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe