×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 88 niet laden

Nije edysje Bluesbarren

Op 19 desimber sil der wer in Bluesbarren plakfine, dit kear yn kafee 't Breed oan de E.M. Beimastjitte 40 yn Eastermar. Bluesband 'The Healers', bekend fan û.o. optredens yn de Lawei en op it Easterbarren, sil op dit Bluesbarren optrede. The Healers is in opfallende Fryske bluesband út Beetstersweach. Mei rauwe 'Fryske rootsblues' nûmers wurdt dúdlik dat Blues en Fryslân in protte mei-inoar te krijen hawwe. De band bestiet tsien jier en hat oan no ta twa cd's makke.
Yn it foarprogramma, want jawis, dat is der ek, sil it duo 'Chippin' Blues' ús waarm meitsje foar it wiere bluesgefoel.

Dit is de twadde kear dat der in Bluesbarren organisearre wurdt. De foarige kear, yn maart 2009, wie dat in optreden fan de Big BellyBluesband yn Meerzigt. Op 19 desimber is der ek in krystmerk op it Harstepaad, dus men kin nei ôfrin fan de merk fuortendaliks trochrinne nei 't Breed.

Allegear tige wolkom, de yntree is fergees. Om dit Bluesbarren mooglik te meitsjen wurdt der in frijwillige bydrage frege.
It Bluesbarren is organisearre troch in tal leafhawwers fan blues en Eastermar.

BB-191209-flyer-web

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe