Streekmuseum Burgum
Links op de foto; Henk Henstra

De kursisten fan 'Skiednis fan Eastermar' hawwe as ôfsluter fan de kursus nei it streekmuseum yn Burgum west. Troch de wiidweidige taljochting fan de hear Klaas Henstra, 'profesjoneel amateur argeolooch', kaam it besef dat wy dochs wol op in hiel bysûnder plak wenje, wat de skiednis oanbelanget. Der binne yn de omkriten fan Eastermar in protte fynsten fan argeologyske wearde dien. Ek hat der yn de jierren 70 in grutte opgraving west tusken de Leyen en de Mienskerwei. Spitigernôch is dêr nea offisjeel wat oer publisearre.
In loopke oer in krekt ploege stikje lân kin aardich wat opsmite. De bewizen leinen yn de ferskate fitrines te flonkerjen; sulveren en gouden muntstikken en sieraden, allegear út de omkriten fan ús doarp.
De kursisten mochten sels even yn it depot sjen, dat ûnder it museum leit. "Hannen yn de bûse", sei Henstra en dat barde. Alteast, ien hân dan.

 

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe