snertbarren1.jpgAs der mar 'Barren' efter stjit, dan komt it yn Eastermar altyd goed mei it waar. Organisaasjes kinne hjir wol sawat fan út gean, want de formule hat dit jier ek foar it Snertbarren wer wurke. Op 'e nei wie dit jier de minwaar-lokaasje, de Nije Hoarnst, net nedich.
Yn 2005 wie it waar trouwens oerdeis noch folle slimmer, mei hagel en wynstjitten oant fjouwer oere ta!

De formule fan it Snertbarren is op himsels al in hiele beste, sa die ôfrûne sneon bliken. It wie aardich drokker dan op de earste edysje foarich jier. Fan de 300 plestik snertkoppen moasten der flink wat yn de recycling om oan de fraach te foldwaan. Om it oer it haadûnderwerp fan it barren te hawwen, der is likernôch 150 liter snert der trochhinne gien, watsei, jage! De earste koks wienen om kertier oer fiven al útferkocht! (Foarich jier wie it 130 liter.)
De sjuery, Wietske de Vries (kokkin by in soarchynstelling) en Hans Beertsen (learaar itensieden fan it Friesland College), hie it dit jier noch dreger mei it takinnen fan de punten as yn 2005, mar hienen no wol mear ûnderfining. De ferskate snert lei kwa smaak en kwaliteit ticht byinoar. De heechste punten wienen foar Piertsje Hogendorp, de twadde priis mei in fegetaryske snert wie foar Thea van der Wiel, de tredde priis wie de winner fan ferliene jier, Carolien van Herwijnen.

De sfear op it Breed wie geweldich. It Broekophâlders-Krystkoar, de glühwein, de apfelkorn, de fjoertonnen, de ferljochting en de nije opstelling fan de kreamen, it pakte allegear tige moai út. In komplemint foar de organisaasje!

Oare jier wer in Snertbarren? Dat is noch mar de fraach. Dit jier koe it barren mei 15 snertkoks krekt noch trochgean. Oare jier sille der seker 20 koks harren opjaan moatte, wol it spektakel wer in sukses wêze.

Sa mar wat opmerkingen út it publyk:

"Ik moast earst nei hûs om in leppel, want dat spul is hjir roversguod."

"Moast der net op rekkenje dat ik moarn nei tsjerke sil, nei dat it hiele doarp oan de snert sitten hat."

"Fegetarysk? Oh. Noja..., men moat it ris in kéar ûnderfine."

"Doch mar foar in Euro." (Tupperwarebakje kaam út de tas) "Foar de thúsbliuwers, sjuch."

De opbringst fan it Snertbarren is € 300 en giet nei in goed doel; de Vriendenclub van de Terp yn Ljouwert. Yn de Terp wurde dakleazen opfongen.

snertbarren2.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe