De tongersdeitejûn fan it doarpsfeest wie ien grut muzykspektakel mei geweldich Eastermarder talint. Hichtepunten binne eins net te neamen want dan moatte wy kieze tusken, om mar in pear willekeurige saken te neamen, de prúk fan Jeltine, de huodsjes fan Michel en Sytse, de bleate búk fan Sjouke, de jurk fan Boukje, de stim fan Diny of fan Wietske, de power fan Sipke, de solo fan Tjibbe, de strakke beat fan Niels, ensfh, ensfh. De band Lechery hie in grutte ûnderstypjende rol en die dit mei in soad entûsjasme.

In protte Eastermarders hiene de oprop goed begrepen (it tema wie Frysk) en kamen yn de moaiste útfoeringen fan pompeblêden de tinte yn.
De jûn sette wat rommelich útein omdat it publyk hiel wat by te praten hie en de rol fan de twa poadia noch net hielendal dúdlik waard. Mar dat waard al gau oars doe 't de krêft fan dizze formule nei foaren kaam. Bands koene harren tariede op poadium ien wylst it publyk him fermakke mei paodium twa en oarsom. Hjirtroch wienen der hast gjin ferplichte skoften tusken de acts en dat wurke omraak. En ja, mei sa'n protte talint in eigen doarp koe samar noch in jûn folle wurden. Mar dat bewarje wy oant in oare jier want dit muzykspektakel freget om werhelling!

Der binne wer de wrâld oan foto's makke:

Fansels binne alle foto's ek werom te finen yn ús rubryk Media.

Tema Frysk
it tema wie Frysk (foto Hetty Thomson)

muzykjun

Jong talint yn aksje (foto Jan Kooistra)

Fansels kinne besikers ek in reaksje kwyt:
{jomcomment}

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe