×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 78 niet laden

It sit der wer op. De 31-ste fjouwerjûnekuier fan Eastermar. En wat foar ien! Somtiden tocht men by jinsels: no bin ik hjir hikke en tein en dochs bin der noch plakken dêr't ik noch nea west haw! Je rinne net alle dagen by Bergsma oer't hiem fansels. En nei de iepening fan it Kroesepaed ha'k it besocht en rin der ris lâns, mar nei it earste brechje moast ik werom om ljisklearzens te heljen. En dy ha'k net dus dêr is 't doe by bleaun... Mar wat in prachtige rûte op dy tongersdei.

Miskien wat lêstich mei in buggy of in bernewein. En de gedachte: 'in kear meane wie net ferkeard...' koe'k net útbanne. Mar wat wol je: de organisaasje hat spesjaal frijstelling krige om sa tsjin de ein fan it broedseizoen der del rinne te meien ! Ja, flora en fauna binne tige wichtich, dus wat seure we no. Mei bleate skonken wat skraskes en skramkes oprinne fan dy #*$ distels en it profyl fan de soallen opfolje mei wat skieppe-oantinkens. Ach, dat slyt der op it asfalt wol wer ôf.

De freeds de lêste tocht: medaljedei. 'De paden op, de lanen in' en wat in drokte! Alle frijwilligers in spjeldsje op as oantinken en wat wiene se der grutsk op! Wat in feest om achter sa'n drumband (fan Wergea) oan te rinnen. Fiif, tsien of fyftjin kilometer, blierren of net, wurch of net, je begongen hast per ûngelok te dûnsjen. Medalje of deispjeldsje ynkassearje en dan op hûs oan. Je kinne allinne mar hoopje dat it takom jier wer sa gean sil...!

imgp0377

imgp0383

Hjir de foto's fan de tongersdei. En hjir de foto's fan freed.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe