×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 457 niet laden
De Fjouwerjûnekuier (Avondvierdaagse) is dit jier fan 8 o/m 12 juny.

Foar de 31-ste kear sille de leafhawwers en (skoalle)bern lâns de moaiste rûtes yn de omkriten fan Eastermar rinne kinne. Foar de medalje of gewoan foar de wille.
It binne de bysûnder moaie rûtes dy 't de AVD fan Eastermar ta ien fan de grutsten yn de omkriten makket. Likernôch 600 dielnimmers komme alle jierren om op in sportive wize fan de omjouwing te genietsjen.

Dat dit barren al safolle jierren stân hâldt is benammen te tankjen oan de ynset fan tal fan frijwilligers. Hja soargje der foar dat de rûtes útset binne, dat de dielnimmers op tiid drinken krije, dat der feilich oerstutsen wurde kin en dat der ûnderweis gjinien achterbliuwt. De AVD-kommisje is tige wiis mei dy frijwilligers!

Wy starte alle jûnen (fan 18.00 oere ôf) by de kantine fan 'e Burgerkamp en dêr is ek it einpunt. De lêste jûn (freed 12 juny) slute wy ek ôf by de kantine. Dêr wurde dan ek de medaljes útrikt.
Muzykkorps 'De Kriich' út Wergea sil de lêste jûn wer foarop gean om alle dielnimmers fleurich en feestlik te begelieden nei it einpunt.

Doch mei en genietsje fan it skitterjende fjild om Eastermar hinne.

Wy sjogge jimme graach de 8e juny mei al dy oare stappers by de Burgerkamp!

► It soe eins net nedich wêze moatte, mar hjirby roppe wy hûnebesitters op om de strjitten en rinpaden yn en om ús doarp hinne frij te hâlden fan hûnepoep. De dielnimmers oan de Fjouwerjûnekuier - mar ek alle oare stappers en kuierders - hoege dan net hieltiid nei de grûn te sjen.
► De dielnimmers oan de Fjouwerjûnekuier freegje wy om de rûtes skjin te hâlden en gjin pûdsjes en papierkes slingerje te litten.

Ut namme fan 'e kommisje Fjouwerjûnekuier,
Roelie Hoekstra

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe