- Kategory: Takomstige aktiviteit
- Publisearre: 25 april 2009
It begjint wer te jokjen...
Dat it de bemanning al lang wer begûn is te jokjen mei dúdlik wêze. Mar no't it Eastermarder Skûtsje mei de nije mêst by it ald-brêgehaad leit en men wer drok dwaande is om it gehiel ree te meitsjen foar it skûtsjeseizoen, wurdt de taskôger ek al wat oerdwylsk.
Sjoch de bemanning drok wêzen, optúgjen en trainen! Freedtejûn 24 april ha se mei de nije mêst de Mar op west. Se wolle 13 juny op 'e mar 'goed beslein op 't iis' komme fansels!
Lit Klaas Jansma aanst mar raze: "Dêr komt Eastermar opsetten mei it skûm foar de kop!"
Â
Â
Â