Om't de fuotbalkoai oan ’t Harstepaad foar de simmerfakânsje in grutte opkreasbeurt krige hie, woe de Behearsgroep Fuotbalkoai Eastermar it jierlikse koaitoernoai wat grutter opsette.
Foar de skoalfakânsje en fuort dêrnei ynventarisearren leden fan ‘e behearsgroep it tal entûsjastelingen dat wol dielnimme woe. Der joegen har 30 basisskoallebern op, ek in fikse groep famkes. It úteinlike tal sporters dat ôfrûne saterdei opdraafde wie 14 en net ien famke (!?). Ek de winner yn 2018 fan ‘e Klaas van der Ploegbokaal kaam net om syn trofee te ferdigenjen.
Mar… dyselden dy’t der wól wiene ha in moaie en sportive middei hân.

De behearsgroepleden hiene in hiel aardich programma foar de spilers úttocht. Der waard start mei ‘blokjefuotbal’ en dat waard fanatyk spile, sadat dizze earste ronde al binnen tsien minuten beslikke wie.
Neist in ûnderlinge kompetysje fan lytse ploechjes yn ‘e fuotbalkoai, koene de groepkes har keunsten ek sjen litte by ’t heechhâlden, latsjetraap, boochjebal en de fuotbalestafette. Al dizze ûnderdielen diene in grut berop op de balfeardigens fan de dielnimmers.

Uteinlik kaam tiim 2, besteande út Hindrik Oosterman, Klaas Sybren Offringa, Jorn Dittfeld en Teake Tjoelker, as bêste út de bus.
De einronde, dy’t bepale soe wa’t de Klaas van de Ploegbokaal in jier lang thús te pronk sette mei, bestie út it skoaren fan in ‘panenka’ troch de leden fan it winnende tiim 2. Dy finale wie bloedspannend, want Hindrik Oosterman en Teake Tjoelker hiene in soad striid om de bal mei in moai boochje fan ‘e middelline ôf achter de doelline stuitsje te litten foardat er it ‘net’ rekke.
Dochs waard by einbeslút Hindrik Oosterman de winner en koe hy de bokaal yn ûntfangst nimme.

De Behearsgroep Fuotbalkoai
(Bram van der Bij, Klaas Albert Dijkstra, Piet Hogendorp, Jacob Jan Ozinga, Jurre Jan Venema, Tjeerd Dijkstra, Hendryk Dittfeld en Wijbe Postma)

Koaitoernoai 2019 3Koaitoernoai 2019 3Koaitoernoai 2019 3

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe