Wylst tonger en wjerljocht fan 20.00 oere ôf om Eastermar hinne fleagen baarnde der yn it doarp in waarm, noflik Easterbarrenfjoerke. De hiele dei hiene besikers fan it strjitfestival al genietsje kinnen fan geweldige muzyk, teater, keunst en sinneskynwaar. It publyk liet him op 'e jûn troch dat bytsje tonger yn ‘e fierte net ferjeie. No ja, der foelen in pear drippen doe’t Lechery om 22.00 oere úteinsette mar dy hiene gelokkich in sterke blazersseksje op it poadium stean en mei it nûmer ‘Thunderstorm’ waard dat buike gau-eftich weiblaasd en koe it feest drûch en yn in prima sfear ôfsluten wurde.

It wie drok, ferhipte drok. Mar dochs bleau it gesellich, ek om it grut tal besikers him prachtich fersprate oer de ferskate terrassen en foar de 12 poadia. De nije opset mei it poadium op it parkearplak fan Meerzigt bygelyks wie in grut sukses. Guon minsken hawwe der de hiele middei net wer wei west. En ek it gersfield foar it BetterSkip oer wie in noflik plak om mei in drankje te genietsjen fan it oanbod fan muzyk.

De organisaasje is der wer tige goed yn slagge om in prachtige fariaasje oan artysten oan it publyk oan te bieden. Tige tank, minsken! En wy sjogge fansels út nei 2020 foar de tweintichste edysje!

Byldferslaggen makke troch:

 

Bricquebec
Bricquebec, de iepeningsact, soarge foar in muzikaal hichtepunt op it Easterbarren. Foto Saska van den Berg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe