Eins wie it fierstente waarm om dwaande te wêzen mei soksoarte saken as it fokhisen op ‘e diskemerk fan ús doarpsfeest. Dochs wie der in tal feestgongers dy’t de striid mei de swiertekrêft oandoarden. Miskien ynspirearre troch wat sterke man Wout Zijlstra de jûns tefoaren sjen litten hie?

Der kaam in tal âlde bekenden nei de hysynstallaasje op ‘e hoeke fan Beimastrjitte en ‘lytse’ Teije Tol. Dat wie ek te ferwachtsjen want de organisaasje fan dizze aktiviteit hat bepaald dat dejinge dy’t trije kear de beker wint, dy wikseltrofee dan hâlde mei. Dat wie twa jier ferlyn Marieke Bron-Proper by de froulju slagge en… Johan Snip syn namme stie al twa kear op de mannebeker.

No, Johan hat it oprêden! Yn 4.25 sekonden skuorde er de fok nei de top en dêr koenen de oare dielnimmers net oan tippe. Sels Harald Bijlsma (Jistrum en kampioen 2018) slagge dat net. Dy’t der noch it tichtste by kamen, wienen Bert Tromp (Teije Tol) en Jacob Bron (’t Hof) mei resp. 4.43 en 4.83 tellen.

By de froulju wie de spanning alderferskuorrendste grut. Der wie mar in lyts tal dames dy’t de konkurrinsje meimekoar oangienen, mar dizze striid om de beker wie ‘ongekend!’. Mei in ferskil fan twahûnderste (0,02 !!!) fan in sekonde moast Tryntsje van Dekken (Huzum) Margreet Tadema (Jistrum) foargean litte. Margreet skoarde 6.88 en Tryntsje 6.90 sekonden…

Foar beide froulju in grut komplimint foar har ynset en striidlust. Noch nea wie it ferskil tusken twa dielnimmers sa lyts. Tryntsje bleau striidber en fersekere de tiidwaarnimmer: “It oare jier doch ik wer mei!”

De organisaasje fan ‘e fokhiserij, de Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES), wol syn wurdearring útsprekke foar de meiwurking dy’t de fam. Van Holsteijn ferliende yn ‘e tarieding op dit barren. Grutte tank dêrfoar.

fokhisen
Ek foar de jeugd wie it fokhisen in prachtige útdaging.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe