Hoewol ’t it tal dielnimmers – der meldden har 6 (!) – wat ôffoel, is it koaitoernoai fan dit jier dochs wol slagge. Saterdeitemiddei 16 juny tusken
healwei twaën en fjouwer oere ha dy jonges en har publyk har wol fermakke.

Der moasten fjouwer ûnderdielen, t.w. heechhâlde, panenka, latsjetûk en ‘myn-moaiste-trúk’ ôfwurke wurde en yn eltse ‘disipline’ wienen punten te fertsjinjen.
Mei dy punten waard in einklassemint opmakke en de winner dêrfan kaam yn ’t besit fan de Klaas van der Ploeg-bokaal.
Dizze wikselpriis mei dan in jier thús te pronk stean. Dat dizze trofee de ynset fan it toernoai wie, wie dit jier foar it earst.

De winners fan ‘e fjouwer neamde disiplines wienen Hindrik Oosterman (panenka), Jacob Zeilstra (‘myn-moaiste-trúk’) en Wichard Mulder (heechhâlde én latsjetûk).
Foar ‘myn-moaiste-trúk’ hienen guon dielnimmers nammen betocht. Sa wie der in ‘nekslach’, in ‘around the world’,
in ‘zwangerschap’ en in ‘Jornytski’. Foar de puntewurdearring yn dit ûnderdiel moasten de sjueryleden Sytze Dijkstra en John van den Hul goed op har iepenst wêze.
Uteinliks kamen der trije spilers – Peke Ritsma, Jacob Zeilstra en Wichard Mulder – mei in puntetotaal fan 7 op papier.
Dus wie der in beslissingsronde nedich. Dy waard wûn troch Peke Ritsma. Hy is dus mei dizze prestaasje de alder-alder-earste winner fan ‘e Klaas v/d Ploeg-bokaal.

De oare prizen, der koe keazen wurde út clubsjaals of shirtsetsje, waarden beskikber steld troch de V.V. Eastermar.

koaitournoai 18

koaitournoai 18 2

koaitournoai 18 3

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe